Op snein 30 septimber 2018 wurdt yn de Lutherske tsjerke fan Ljouwert de jierlikse sjongmiddei fan de YKFE hâlden.
De YKFE is in kommisje dy ’t him ynset foar it brûken fan it Frysk yn de earetsjinst. De lieten dy ‘t der songen wurde komme út it nije Lieteboek en dan dizze kear benammen út de Psalmen. Dêrom is de titel fan de middei ek: “ Út de Psalmen wei ”
Meiwurking wurdt ferliend troch in gelegenheidskoar ûnder lieding fan Geke Bruining-Visser. It oargel wurdt bespile troch Geart van der Heide.
De algehele lieding is yn hannen fan de foarsitter fan de YKFE: Lútsen Kooistra.
De middei is yn de Evangelysk Lutherske Tsjerke, Nieuwe Oosterstraat 28 te Ljouwert.
It begjint om 15.00 oere. De tagong is fergees. Der is in kollekte bij it útgean.
November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…
Protestantse Gemeente Trynwâlden
Rengersweg 15
9062 EA Oentsjerk
© Protestantse Gemeente Trynwâlden 2026