útjefte fan it lijensferhaal fan Matteüs yn gewoan Frysk

Op tongersdei 13 april sil yn Ljouwert it spektakel ‘The Passion’ útfierd wurde. Op in hiel moderne wize wurdt it lijensferhaal fan Jezus foar it each fan tûzenen minsken neispile.

Mei it each op dit barren naam it Nederlânsk Bibel Genoatskip it inisjatyf om yn gearwurking mei de YKFE (Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst) it lijensevangeelje fan Matteüs op ‘e nij yn it Frysk oersette te litten mei it doel dizze oersetting fergees oan alle besikers fan ‘The Passion’ út te rikken.

Learlingen fan de skoallemienskip Liudger yn Burgum ha ûnder lieding fan dosint Frysk Tsjeard Kooistra en mei help fan dr. Liuwe Westra in oersetting makke yn de styl fan ‘bijbel in gewone taal’. Dizze oersetting wurdt meikoarten printe en as boekje mei sawol de Fryske as de Hollânske oersetting net allinnich útrikt yn Ljouwert, mar is dan ek fergees beskikber foar skoallen en tsjerken.

Foar de tsjerken is dizze bysûndere útjefte te bestellen by: geertvdheide@chello.nl
Lit foar 30 maart witte oer hoefolle boekjes jo beskikke wolle en wêr’t se hinne moatte. Wy soargje der dan foar, dat de boekjes by jo ôflevere wurde.

© PGT - gepubliceerd: 2017-03-22 00:00:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer