Tsjerkepaad Fryslân 2016

Thema: ‘Kerk en Muziek’

De iepening fan ‘Tsjerkepaad 2016’ fynt plak op sneon 25 juny oansteande in de Salviuskerk (de Âlde Wite) in Dronrijp.

De tsjerken stean yn it Fryske lânskip as beakens fan trou en hâld-fêst. Spitich genôch binne de doarren fan de measte tsjerken faak ticht. Útgeande fan de Ried fan Tsjerken yn Fryslân wurdt sûnt 2004 Tsjerkepaad hâlden, de iepenstelling fan tsjerken op sneon-temiddeis yn de simmer. It is in grut sukses wurden. Der binne no rom 250 tsjerken yn Fryslân dy ’t de doarren iepenje op sneontemiddeis. (fan 13.30 oant 17.00). Yn dizze tsjerken stean frijwilligers klear om te fertellen oer it gebou of oer de tsjerklike mienskip. Men kin hjir in momint fan rêst en besinning fine en yn de measte gefallen stiet de kofje klear. Yn guon tsjerken wurdt tidens Tsjerkepaad in eksposysje hâlden, of in konsert.

Dit jier stean de doarren iepen fan 2 juli oantemei 10 septimber.

Foar meer informasje sjoch op www.tsjerkepaad.nl

© PGT - gepubliceerd: 2016-05-17 00:00:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer