Yn de ôfrûne jierren stiene de wurden “Leauwe, Hoop en Leafde” sintraal by de gruthúsbesiken. Yn de petearen kaam nei foaren dat der hiel ferskillend tocht wurde kin.
Elkenien yn ús doarp, tsjerklik meilibjend of net, hat te krijen mei in ferskil yn opfetting en belibjen tusken âlderen en jongerein. De jeugd hat oare opfettings oer muzyk, maatskiplike problemen en grif ek oer it leauwe.
De tsjerkeried fan de Prot. Gemeente yn Ryptsjerk hat besletten om in musical oer dit ûnderwerp opfiere te litten. Op in positive wize wurdt troch spilers, sjongers en muzikanten dit tema nei foaren brocht. Besocht wurdt sjen te litten dat as men yn Leafde besiket mei inoar om te gean en te praten de ferskillen minder grut binne as tocht wurdt.
Dizze musical wurdt op 31 jannewaris om 20.00 oere opfierd yn “de Einekoer”. Spilers, sjongers en muzikanten binne al moannen drok oan it oefenjen.
Wy hoopje dat as de gerdinen iepengean wy in sealfol minsken sjogge.
De tagong is fergees
By de útgong is in kollekte ta bestriding fan de ûnkosten
Rezjy:
Baukje de Jager-van Hijum
Sjongers en muzyk:
Audrey Stielstra en Atsje Lettinga
Lûd en technyk:
Lubbert Kingsbergen
Harry van der Zee
Rutger van der Hout