Ferslach Tsjerkepaad 2025

Ferslach Tsjerkepaad 2025

Ferslach Tsjerkepaad 2025  

De lêste sneon fan Tsjerkepaad 2025 sit der op. Alve prachtige sneonen mei moai waar en in protte besikers, in goeie 280.  Se komme foar de tsjerke en de skiednis.  Fuort yn it begjin al, twa mânljy, ekspêrts, yn de auto en se ha “Peter Karstkarel” op de efterbank sitten. Karstkarel is de man dy’t boeken fol skreaun hat oer álle tsjerken. Dizze beide mannen witte in protte oer dizze tsjerke, nij foar my. Se reizgje hiel wat ôf en meitsje in minitueus ferslach. (Ha wy krigen) Yn it gasteboek skriuwe sy “Wij zijn vaker in Middeleeuwse pareltjes en dit is er één.” Soks fine wy altyd wol moai! En sy ha net allinne genoaten. Wy krije in protte kompliminten dat it hjir sa goed bewarre bleaun is, der in protte moaie ferhalen oer ferteld wurde en de  gastfrijens sa  goed is.

Dit jier ek in hiele moaie eksposysje “Realistyske Keunst” fan ús eigen doarpsbewewenner Lammert Agema. De gearstallers fan de ekspoysje, Wim Jan Dijk en Wiebe Damstra neame it ien foar ien “Kadootsjes” en dat ha in protte besikers ûnderstreke. Neist alle moaie tekeningen hingje der in stik of tsien nijjierskaarten mei passende tekst fan Gisela Reiding, de frou fan Lammert, oan de beide stokken fan de jildpongen. Sa kinne de kaarten oan beide kanten besjoen èn lêzen wurde. “Talintfol echtpear” stiet der skreaun. Twa besikers, ek keunstners, fine it o sa spitich dat sy neat keapje kinne. Der is sels in Frysk echtpear út Driebergen dy’t it 06 nûmer efterlit mei de fraach: “Hoe komme wy wat mear fan him te sjen? Bysûnder! In oare skilder skriuwt: “Heel mooi werk. Geen streepje verkeerd, knap!”  Ik sjoch nei in skreaun stikje fan Alesava & Henrique yn it gasteboek. It blykt  Italjaansk te wêzen, seit Google Translate. “Er is tijd van rust in kleine tekeningen en dingen die ontsnappen aan de snelle blik” Moaie wurden!It binne de skoandochters fan Mame en Tineke, dy’t allebeide skilderje.

Elise Boltjes en Anneke de Reuver binne ek dit jier wol trije sneonen fan de partij. Elise mei har cello, Anneke op it oargel. De klanken fan dizze beide instruminten bringe in soarte fan rêst en smûkens. Der wurdt oer de muzyk praat en ynformaasje socht op Google dy’t wer ferwiist nei Chat GPT. Tiden ha tiden, sels yn in âlde tsjerke.  Neist dizze muzikanten kinne ek oargelisten harren oanmelde om yn ferskillende tsjerken te spyljen. HJir ha fjouwer west en ek oare besikers dy’t oargelspylje, wolle graach wat hearre litte. Sa ek Otto Roelofsen dy’t hjir fan 1970 oant 1974 oargelist wie.

Der binne in protte besikers dy’t de alvestêdetocht yn stikjes rinne en hjir sels sliepe yn in B&B, oaren dogge dat mei de boat. Oaren komme op de fyts of mei de auto.  Sy ha ek al yn  Oentsjerk en Readtsjerk west of wy wize harren op de mooglikheid. Hast minsken dy’t foar it earst komme, oaren dy’t hjir al jierren wenje en noch nea troch de doar west ha en ek dy’t nei 50 jier wer ris om’e hoeke sjogge. De beide eksposanten fan foarich jier en it jier dêr wer foar, Hinke Roodvoets en Toos Daalmans, komme ek altyd even oan. Juster kaam der in echtpear troch de doar. “Mag ik? Ben zo nieuwsgierig naar die kleine hoeken en gaten.” Se doelt op de konsistoarje. Har man hat in oare fraach.  “Wij zijn hier al eerder geweest, ja, in Turkije, maar kunt u mij vertellen….”  Turkije en Grikelân menear? Dat is it bosk dat oankocht en oanplante is mei Turkse en Grykse obligaasjes, fandêr de namme.” Nou, zie je? U weet het. Nou kan ik het hele verhaal aan mijn vrouw vertellen.”  

Dat is wat wy as frijwilligers  sa moai fine, entûsjaste en blide minsken yn de tsjerke. In bakje kofje, tee, wat lekkers der by en moaie ferhalen fan beide kanten. Dêrom oant takomm’jier mei wer in oare eksposant. Wa? Wy witte it al.

Mei út namme fan de frijwilligers,    Gryt van de Polder.

© PGT - gepubliceerd: 2025-10-06 19:11:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer