Ast altiid stoarrest
nei it plak dêr ’t de sinne ûndergie, sjochst him nea wer opkommen.
Fine en ferlieze fûnen wy dochs as tsjinstelling allinnich net genôch. Der giet wat oan foarôf en der komt ek wat achteroan.
Tink oan de bekende bibel ferhalen fan Ruth, mar ek fan Job.
Oan it finen giet faaks sykjen foarôf en nei it feliezen, sykje jo faak en fine jo ek wer wat as it goed is.
Want it mei net sa wêze dat jo nei it ferliezen net wer wat sykje en fine. Dêr leauwe wy foar en yn.

Allinnich slagget dat net. Dêr ha wy in oar foar noadich. Minsken dy ’t om ús hinne stean en stean wolle. De tsjerke mienskip as mienskip fan God en Jezus hat hjir in hiele belangrike taak. Seker no ’t de oerhyd him wer weromlûkt út de mienskip en de minsken sels wer hieltiid mear oppakke moatte.
Fannacht mocht ik in horeka nachttsjinst mei de plysje meidraaije fan tsien oere justerjûne oant fannemoarn seis oere. Wat in soad sykjende jonge minsken dy ’t it tinke te finen yn ‘e drank en dêrmei mear ferlieze dan harren leaf is. Minsken dy ’t it net mear sitte sjogge en alles leaver ferlieze wolle, mar noch krekt op tiid wer fûn wurde.
De kommende krysttiid, de berte en it libben fan Jezus leart ús dat wy altiid in ferwachting libje meije.
Ast altiid stoarrest nei it plak dêr ’t de sinne ûndergie sjochtst him nea wer opkommen. Kear dy dêrom nei it ljocht dat altiid wer komt.
Albert van der Ploeg 15-12-13.