Nije wike organisearret it jongerenprogramma ‘Come and See’ fan UEP in simmerkamp foar bêrn út de oarlochsgebieden yn east Ukraïne.
In protte bêrn ha psigyske problemen of sels trauma’s oprûn, omt sy dei-yn-dei-út yn mei de spannings, ûnwissigens en noed fanwegen de oarloch te krijen ha. Yn it kamp fan UEP krije sa’n 40 bêrn de gelegenheit om dy soargen efkes te ferjitten en harren mei elkoar te fermeitsjen.
Mei de linkТабір Зарваниця - Google Drivekinne jo de video ‘For our friends from Trynwâlden’ sjen, weryn Natalia Lialiuk fan UEP en jeugdlieders Oksana en Alina (dy’t hjir ferline jier west binne) en ek priester Vasyl fan Lopatin fertelle oer it kamp.
Tagelyk freget Natalia ús om te helpen om it jild foar dit kamp op it kleed te kreijen.
As jo UEP helpe wolle om dit kamp mooglik te meitsen, dan kinne jo in bydrage oermeitsje nei NL 41 RABO 0362 7539 03, op namme fan Diaconie PGT, mei de fermelding ’Zomerkamp oorlogskinderen Oekraine’. Út namme fan UEP en de diakony tige tank foar jo stipe!!
Lútsen Faber-ZWO-diaken