Iepen dei kleaster Westerhus

Iepen dei kleaster Westerhus

IEPEN DEI – 25 augustus (14.00 – 16.00)

KLEASTER WESTERHUS en de KAPEL FAN DE ALDE FRIEZEN

UTNUGING OAN ALLE TSJERKLIKE MIENSKIPPEN YN FRYSLAN

Kleaster Westerhûs is nei jierren fan tarieding iepene op Pinkstersnein 2023. De kapel fan de Alde Friezen is iepene mei Pinkster 2024. Wy wolle de tsjerklike mienskippen fan Fryslân no fan herte útnûgje om dit te besjen op ús iepen dei fan sneintemiddei 25 augustus.

Troch de jierren ha wy in protte bemoediging en stipe krigen fan tsjerklike mienskippen út hiel Fryslân wei. Dêr binne wy jimme tige tankber foar. En yn de Kapel fan de Alde Friezen binne Alde Friezen (kloostermoppen) ferwurke dy’t oarspronklik komme út de Fryske Midsiuwske tsjerken en kleasters. Wês wolkom en sykje de stien út jimme eigen tsjerke of út it kleaster by jimme yn ’ e buert.

Wy fine it fijn om jimme te ûntfangen. Jim kinne frij rûnrinne op it hiem en yn kleaster Westerhûs. Tige wolkom!

Ut namme fan de Nijkleaster-mienskip. ds. Hinne Wagenaar

Sjoch ek op: https://nijkleaster.frl/ 

Opening Kapel fan de Alde Friezen - Nijkleaster

Schermafbeelding_2024-07-12_om_10_34_21.png

© PGT - gepubliceerd: 2024-07-15 10:32:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer