Ere zij God, vrede op aarde en in de mensen een welbehagen.

Ere zij God, vrede op aarde en in de mensen een welbehagen.

Wêr ’t It Klankboerd mar in pear kear per jier oeral besoarge wurdt  is de webside fan de PGT alle dagen en oeren te besykjen. Dat dit foaral bûten de tsjerkemienskip wurdearre wurdt, blykt wol om't de webside folle faker besocht wurdt troch minsken fan bûten de tsjerke as troch de leden fan ‘e tsjerke.

Wy wolle graach as PGT ek foar elkenien wat betsjutte yn de Trynwâlden en no ek foar de flechtlingen út de Oekraïne. Us pastors Hille Vlasman en Grytsje Hovius sille safolle mooglik besykje yn swiere tiden dêr foar de minsken dy ’t in berop op harren dogge, te wêzen. Sy  moatte it no sûnder Wiebke Heeren dwaan, dy ’t beroppen is yn Haaksbergen-Buurse en Usselo. Us diakony is ek berikber en beskikber foar elkenien dy ’t de eintsjes net mear oan inoar fêst knoopje kin.

Us gebouwen kommisje hat it advys jûn om de Moetingstsjerke en Pro Rege yn Oentsjerk te slopen en dêr in nije tsjerke mei aktiviteitenromtes te bouwen dy ’t duorsum en foar elkenien te brûken binne.  Wy sille dêr foar mei de gemeente Tytsjerkteradiel yn petear hoe ’t wy dit mei-inoar lûke kinne. As PGT wolle wy de âlde tsjerken ek brûken bliuwe, mar om dy noch oerein en by de tiid te hâlden ha wy stipe nedich fan elkenien yn ús tsjerkedoarpen. In moai foarbyld is it werombringen fan de twadde klok yn de toer fan de Mariatsjerke yn Oentsjerk.  Yn de oarloch is dy dêr úthelle om kûgels fan te meitsjen en mei-inoar ha wy dêr dit jier foar soarge dat dêr wer in nije klok yn kaam is.

Mar de oarloch komt wer hiel tichtby en ek yn ús eigen lân komme minsken en groepen tsjinoer inoar te stean. Wy fange  yn de Trynwâlden minsken út Oekraïne op en jouwe stipe dêr wêr ’t wy dat kinne. Thús kriget de foedselbank mear fraach en is dêr minder oanbod. Minsken sitte yn de kjeld om't de enerzjyrekken net mear te beteljen is. Us diakony helpt dêr ’t sy kin en lit it harren witte as it net mear fierder kin.Wy binne as minsken ek yn striid mei alle oare libben op dizze ierde dêr ’t wy net sûnder kinne. As tsjerke kinne en moatte wy hjir de eagen net foar slute en dêrom brûke wy ek griene enerzjy fan ús eigen Trynergie. Frede op ierde jildt foar al it libben op ierde. Libje en libje litte. Mei al ús kennis hoecht de minske gjin pleach te wêzen foar dizze ierde dy ‘t oan ús tabetroud is (lêstip; De mens is geen plaag, Cees Buisman).

It stypjen fan al ús aktiviteiten foar de mienskip en ús gebouwen kin troch freon te wurden of lid te wurden, mar ek troch in jefte foar in tsjerklik doel yn de Trynwâlden dat jo graach stypje wolle.

Sa wolle wy  graach mei-inoar yn dizze tsjustere dagen it ljocht en de waarmte, dy ’t de berte fan Jezus op ierde brocht hat, besjonge kinne mei “Ere zij God, vrede op aarde en in de mensen een welbehagen”.

 
Albert van der Ploeg

Foarsitter tsjerkerie PGT

© PGT - gepubliceerd: 2022-12-12 00:00:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer