Tsjerkepaad 2022 de Paulustsjerke fan Aldtsjerk.

Tsjerkepaad 2022  de Paulustsjerke fan Aldtsjerk.

Ek dit jier docht de tsjerke fan Aldtsjerk wer mei oan Tsjerkepaad.

Dat wol sizze dat de tsjerkedoarren 11 sneontemiddeis iepen steane om der ris efkes yn te stappen.

Miskien allinne mar om te sjen, de sfear te priuwen, om wat te freegjen of wat te hearren fan de skiednis en de skatten dy’t in tsjerke hat.

Der is ek in útstalling fan it prachtige ferhaal oer it gedicht fan Dûmny Rogge (1858-1888 Aldtsjerk)

“De ontslapen moeder aan haren Echtgenoot” en wat dat te krijen hat mei de Aldtsjerkster twilling Tryntsje en Antsje.

Stichting Organum Frisicum – Het Friese Orgel, jout orgelisten dy’t harren dêr foar opjûn ha, de kâns om op sneon 16 en 30 july op it Bakker-Timminga oargel yn Aldtsjerk te spyljen. Ek foar wa’t oargelspylje kin, is dy kâns oanwêzich op alle oare sneonen.

Wêr’t je ek foar komme, eltsenien is wolkom. Lit je oerstjûgje fan al dit moais.

It is fanôf 2 july oant en mei 10 septimber, middeis fan healwei twaën oant 5 oere.

Mei út namme fan alle frijwilligers,

Gryt van de Polder.

© PGT - gepubliceerd: 2022-04-30 00:00:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer