Natuurlijk in afwachting
van de richtlijnen van het RIVM, maar wij hebben goede hoop.
Vanaf zaterdag 3 juli tot en met 11 september
staan de deuren van 't Readtsjerkje iedere zaterdag vanaf half twee tot vijf
uur voor iedereen open. Gastvrije vrijwilligers vertellen graag over de
historie van het kerkje.
Dit jaar is er een bijzondere expositie te
bewonderen. Trots kunnen we melden dat Doet Boersma, sinds kort inwoonster van
de Trynwâlden, enthousiast op onze vraag om te exposeren reageerde.
Doet Boersma, schildert sinds 35 jaar de natuur.
In eerste instantie landschappen vol expressie en kleur. De laatste jaren
beeldt ze niet landschappen uit, maar ze neemt de kijker mee naar de
onzichtbare, maar toch onmisbare processen in de cyclus van de natuur.
Doet: "Tema fan dizze
tentoanstelling is OADE OAN' E FRUCHTBERE GRÛN. Elts jier wurdt it wer mailtyd,
elts jier leveret de grûn wer opnij. Litte wy de grûn earje mei muzyk, proaza,
byldzjende keunst, lessen en lêzingen. Dit lytsskalich projekt foar en troch de
ynwenners yn en rûn Readtsjerk/Mûnein de Noardlike Fryske Wâlden. Op ferskate
wizen wurdt der oandacht bestege oan bewustwurding fan ús grûn: ynformearje,
harkje, fiere, leare en sjen op en yn it moaie Readtsjerk."
Naast de mogelijkheid een bezoek te brengen aan
de expositie, worden nog de volgende evenementen georganiseerd. Ook hier weer
onder het voorbehoud van de richtlijnen van het RIVM. U kunt de status steeds
volgen op deze site.
Sneon 17 as snein 18 juli :Moarnskonsert, kofje, kuier mei
tekenjen.
(hinget fan ’t waer âf; sjoch webside
www.readtsjerkje.nl).
Moarns betiid in oade oan'e grûn troch muzyk yn
de greide.
Dit wurdt moarns betiid fan 8.00-8.30 oere
spile. Besikers kinne komme, harkje en genietsje fan 'e fûgels dy't wekker
wurde. Troch te genietsen fan muzyk en it greidelân sjogge wy wer mei oare
eagen nei ús fruchtbere grûn. Oanslútend kofje yn'e tsjerke/pleats. Dernei om
9.30 oere, in teken-kuijer-tocht wêr't besikers leare it lân(skip) om har hinne
te tekenjen.
Opjaan graach foar 10 july by info@kafrl.nl
(Oan materiaalkosten, gebrûk fan tekenmaterialen
en in stevich sketsboek (lesjild gratis) =€ 7,50 (betelje
je as de tocht trochgiet foar de les en de materialen).Graag 15 min. fan te foaren oanwêzich wêze. Sels kin je in taske meinimme wêr’t
it tekenboek en tekenmaterialen yn kinne. Fleske wetter? (Licht fiskersstuoltsje
kin evt mei, moat draagber wêze).
Sneon 14 augustus
Lêzing Theo Mulder en Albert van der Ploeg .
Tiid foar neipraten. (frije tagong; sels stoel meinimme)
14 augustus van 15.00-16.00 oere lêzing fan Theo Mulder oer fruchtbere grûn en Albert
van der Ploeg oer polityk en ús lânskip. Dêrnei drankje en neiprate-17
oere/17.30 oere. Dit fynt plak yn de pleats fan famylje Tsjeard van der Kooi
neist 't Readtsjerkje.
14 en 15 augustus. (frije tagong)
"Artist-in-residence": sjoch Doet oan
it wurk.
Beide dagen in útwreiding fan de tentoanstelling
(mei ekstra wurk op ezels), iepen fan 11-17 oere. Beide dagen wurket Doet as
"artist-in-residence" op 'e pleats. Dat wol sizze: sy rjochtet in
atelier yn en de minsken kinne har fragen stelle. It giet om in trochrinnende
demonstraasje.