De lêste snein sûnder tsjerkefolk en no fierder.

De lêste snein sûnder tsjerkefolk en no fierder.

Snein 31 maaie earste pinkersterdei wie sa as it no liket de lêste snein yn ‘e tsjerke sûnder tsjerkegongers. Ik moch it dizze kear meimeitsje mei foargonger dûmny Wiebke Heeren, oargelist Sebastiaan Schippers, blaasynstruminten bespilers Janna van der Steege en Margriet van der Kooi en Didi Ebbers as Koster.

It is in hiele bysûndere sfeer, want jo misse it tsjerkefolk en ik ha leau ik noch nea sa goed nei de lêzings en in preek lústere omt ik lyk foar ús dûmny siet en fierder net ien. It sjongen (dat mei as dêr mar sa ’n pear minsken binne) koe ik net litte, mar wurde al wei yn de hast lege tsjerke. It is ek fansels it moaiste as jo dat meiïnoar dwaan kinne.

De lêste pear kear siet ik thús mei Betsy op de bank nei de tsjinst te harkjen mei in bakje kofje dêr by en hie ‘k al in foarstelling fan hoe ’t it yn tsjerke wêze soe, mar it is dochs noch hiel oars. En foar elkenien sil dizze belevenis ek noch wer oars wêze.

It is sa wol in hiel moaie wize om yn dizze Corona tiid ferbining meiïnoar as gemeente te hâlden, mar jo misse fansels it foar en nei petear en de minsken om jo hinne.

Dochs binne wy as tsjerkerie tige tankber dat wy it sa meiïnoar organisearje kinnen ha. Tank oan de digitale ûndersteuning en minsken achter de skermen. De kosters, de dûmnys en alle oaren dy ’t meiwurke ha om dizze tsjinsten sa mooglik te meitsjen en ferbining mei de gemeente te hâlden.

Wy ha alle kearen wer genietsje kinnen fan it prachtige oargelspyljen fan Sebastiaan, mar ek op de piano en mei it sjongen. Dûmny Wiebke Heeren hat him hjir foar in prachtige bosk blommen út namme fan de hiele gemeente jûn. Ek Janna en Margriet ha in blomke as tank foar harren bydrage krigen.

De tsjerkerie hat it gebrûksplan goedkart foar de Moetingstsjerke en nije wike snein meije wy mei 30 tsjerkegongers de tsjinst meimeitsje. De dûmny ’s sille har dan wer op de minsken yn tsjerke konsentrearje kinne en dat fêst ek dwaan. Mar wy moatte net ferjitte dat de measte gemeenteleden ek dan wer thús sitte en mei lústerje fia de tsjerkeomrop. It sil dan noch in gruttere útdaging wurde om de minsken thús mei te nimmen yn dizze tsjinsten as sy net sjen kinne wat him dêr ôfspilet. Dat jild ek foar it gebrûk fan de beamer. Mar miskien binne dêr digitale mooglikheden? Mei de programma ’s sa as Teams dêr ’t de tsjerkerie en alle kommisjes gebrûk fan meitsje, kinne jo ek it skerm diele. Mar dat freget noch al wat.

Nei 1 july liket it dat dêr wer in feromming fan de regels komme sil en dan sil it gebrûkersplan fan de Moetingstsjerke wer oanpast wurde moatte en sille dêr ek gebrûkersplannen komme moatte foar ús oare gebouwen as wy dy brûke wolle. Wy sille fêst de kommende tiid noch it noadige tsjin komme en feromming fan regels jout ek wer in stikje ûndúdlikheid. Wat wol dúdlik is dat sa lang as it Corona firus net ûnder kontrôle is wy hiel fersichtich bliuwe moatte. De feiligens en sûnens fan ús allegearre stiet op it foarste plak yn ‘e byienkomsten dy ’t wy yn tsjerkeferbân hâlde kinne.

As dêr wat is of as dêr ideeën binne d y ‘t ús meiïnoar helpe kinne om ús leauwen noch better te belibjen, lit it ús dan witte.

Ut namme fan de tsjerkerie, Albert van der Ploeg.

PHOTO-2020-05-31-11-39-07_01.jpg

PHOTO-2020-05-31-11-39-07_05.jpg

PHOTO-2020-05-31-11-39-07_11.jpg

PHOTO-2020-05-31-11-39-07_10.jpg

© PGT - gepubliceerd: 2020-06-01 00:00:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer