Pinkster 2019; de omkearde wrâld

Sebastiaan Schippers en Ida Verburg hiene it idee om de minsken ris te ferassen en alles om te kearen.

De preek gie oer wat de minsken dogge as sy de noazen allegearre deselde kant út ha.

Yn Babel bouden se in toer om hieltyd machtiger te wurden  en alles oersjen te kinnen.

God fûn dat net in goed idee en kaam mei de “spraakverwarring”. Minsken ferstienen inoar net mear en gienen  ferskillende kanten út. Ferdiel en hears.

Mei de útstoarting fan de Hillige Geast sprutsen de apostelen yn tongen en elkenien ferstie it yn syn eigen taal. De omkearde wrâld.

Sa kin de Hillige Geast alles wer omkeare.

Sebastiaan Schippers en Janna van der Steege ha prachtich spile en de bern ha in hiele moaie bernenjonkentsjinst hân. Sy ha flinterkes makke en krigen oan ‘e ein fan Baudina Wiersma belleblaas.

© PGT - gepubliceerd: 2019-06-09 16:00:00

Terug naar nieuws

Bijbelleesrooster
Appostel
Kerkomroep

Blog

  • Kerkelijk Trynwâlden

    November 2026 Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging Aldtsjerk–Readtsjerk In ons kerkelijk archief was niets te vinden over…

    Lees meer