De muorren en de plafonds sjogge der nei de grutte opknapbeurt fan 2017 wer geweldich út.
De roubuorden binne yn goeie kondysje, de konsistoarje is moai wurden en dan no… it ynterieur!! Earder organisearre Martsje Kaastra dat en wienen de noch gâns jongere froulju fan de Froueklub oan’t wriuwen. Hoe dogge we dat no?Earste opsje:
Sneintemoarnen in putsje foar ûnder de preek? Dûmny hat goed oersicht fanôf de preekstoel. We geane foar de twadde opsje: Alie Dijk har oprop foar frijwilligers op sneon 29 maart. It hout fan de banken, de preekstoel en de lambrisearring, alles is stoffich en oan ûnderhâld ta. Sjolle Wieringa en Jelle Hoogland ha ynformearre, de potten waaks, kwasten en boarstels lizze klear en nèt te ferjitten Tineke har Dútske lekkens. Earst it stof der ôfboarstelje, dan twa kear yn de waaks sette en nei 30 minuten útwriuwe.
Nei dizze oanwizing kinne de hannen fan sa’n 15 minsken út de mouwen stutsen wurde om it hout it waaks opsûgje te litten. Wat doch ik, wat dochst do, wêr binn’we bleaun, dan gean ik dêr fierder. It is gesellich sa meielkoar en wat rûkt it lekker! Tiid foar kofje en tee en alles ris even te oersjen. Sjochst no al dat it opknapt.
Ek de Van Sminiabank wurdt ûnder hannen naam, de ljedder der by om ek de mantsjes by de wapenskilden in glêde noas te jaan. Foaral it rike houtsnijwurk mei ikeltsjes, iekebledsjes en fûgels, hoe ha se it sa meitsje kinnen, we moatte it as aaien behandelje.
We ha sa’n protte wreaun, de potten binne leech, der moat foar de folgjende kear nij helle wurde.We rinne meielkoar nei de Smidshoeke. Alie hat sop sean, harren Janna hat it waarm makke en alles klear set. Hearlik, sop en broadsjes ite yn de sinne efterhûs.
Noch wer even werom nei de tsjerke om it lêste út te wriuwen en alles wat op te romjen.
Takomm’ sneon it lêste part. It is in protte wurk en mar goed dat we gjin koperen lampen ha.
Tineke de Graaf fertelt dat har heit koster wie en dat elts jier de lampen út de tsjerke helle waarden, thús yn it waai kamen en beppe in wike lang by harren kaam te koperpoetsen.En no mar hoopje dat by de earste de bêste snein dat der preke wurdt yn Aldtsjerk, de rook fan it waaks noch yn de tsjerke hinget en dat de banken net té glêd útwreaun binne. Jimme begripe wol wat dat betsjutte kin!!
Ut namme fan alle wriuwers,
Gryt van de Polder van der Kooi.